Van der Heide nei Cambuur

03 maaie 2007 - 20:11

Cambuur hat twa nije spilers oanlutsen foar kommend seizoen. Ien dêrfan is in âlde bekende: Sandor van der Heide út Snits. Ek ferdigener Dennis van der Ree fan AGOVV spilet kommend seizoen yn it Cambuurshirt. Beide tekenen in kontrakt fan 2 jier by de Ljouwerters.

Van der Heide spile de lêste 5 seizoenen by sneonshaadklasser ONS út Snits. Dêrfoar spile de middenfjilder 6 jier betelle fuotbal by Cambuur. De club siket noch 3 nije spilers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)