Van der Ham fraksjelieder CDA

06 maaie 2003 - 00:00

De CDA-steatefraksje hat moandei Ad van der Ham keazen ta fraksjefoarsitter en polityk lieder. Frou Van Hall waard fise-foarsitter. Yn 'e fraksje wurdt it plak fan 'e CDA-deputearren Jan Ploeg en Piet Bijman ynnommen troch Teun Los en Ton Wallast.

Yn it nije duale stelsel binne deputearren gjin lid mear fan 'e eigen fraksje yn 'e steaten. Los en Wallast wurde tiisdei ynsward as lid fan provinsjale steaten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)