Van der Ham begrypt krityk net

19 sep 2004 - 13:04

CDA fraksje-foarsitter Ad van der Ham begrypt neat fan de beskuldigings fan deputearre Piet Bijman. Dy hie wollen dat Van der Ham it debat oer it winnen fan gas yn de Waadsee better regisseard hie.

Van der Ham seit dat Bijman op de hichte wêze koe fan it stânpunt fan de CDA-steatefraksje. Foarsitter Pé Miedema fan it Fryske CDA wol de rûzje tusken Bijman en Van der Ham no tiisdei yn in spesjale gearkomste útprate.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)