Van der Graaf kening yn Stiens

13 jun 2004 - 00:00

De frije formaasjepartij yn Stiens waard snein wûn troch Klaas Berkepas, Dirk-Jan van der Woud en Auke van der Graaf. Se wûnen yn 'e kwalitatyf heechsteande finale mei 5-4 en 6-2 fan Jochum Bouma, Kor Zittema en Taeke Triemstra. Auke van der Graaf waard kening fan 'e partij.

De tredde priis yn Stiens gie nei Johan van der Meulen, Jacob Wassenaar en de bylotte Pier Piersma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)