Van der Eems no hofleveransier

12 maaie 2006 - 10:21

Drukkerij Van der Eems út Easterein hat hjoed út namme fan de Keninginne it predikaat hofleveransier krigen. It bedriuw bestiet dit jier 100 jier en wurdt op dit stuit laat troch de fjirde generaasje Van der Eems. Der wurkje 36 minsken en der binne festigings yn Easterein, Boalsert en op It Hearrenfean.

Ta gelegenheid fan it jubileum is ek in boek útkommen oer de 100 jier dat Van der Eems bestien hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)