Van der Duim útskeakele yn R'dam

23 feb 2006 - 09:46

Tennisser Antal van der Duim út Finkegea hat syn earste wedstriid op in ATP-toernoai ferlern. Op it ABN-Amro-toernoai yn Rotterdam ferlear Van der Duim mei 6-2 en 7-6 (2) fan de Spanjert Alex Calatrava, de nûmer 211 fan de wrâld. Yn de twadde set kaam de Fries noch wol mei 5-3 foar, mar twa setpunten brochten gjin winst.

Van der Duim hie in wild-card krigen foar it toernoai. Hy is no nûmer 995 fan de wrâld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)