Van der Duim klear yn Australië

28 jan 2005 - 09:57

It Fryske tennistalint Antal van der Duim (17) fan Finkegea en syn maat Robin Haase binne tongersdei útskeakele yn it dûbelspul fan 'e Australian Open. Van der Duim en Haase ferlearen mei 7-6 en 6-2 fan it Amerikaanske duo Jesse Levine en Michael Shabaz.

Van der Duim die mei oan it jongereintoarnoai fan 'e Australian Open in Melbourne. Yn it inkelspul wie Van der Duim al earder útskeakele troch it Koreaanske talint Kim.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)