Van der Burg wint DEV-klassemint

16 sep 2006 - 18:20

Hurdfytser Germ van der Burg fan Folsgeare hat it DEV-klassemint wûn. Dat klassemint giet oer tolve wedstriden yn Drenthe. Yn it lêste kritearium kaam de kopposysje fan Van der Burg net mear yn gefaer.

It lêste kritearium yn Erm waard wûn troch Jenning Huizenga fan Frjentsjer. Hy fersloech yn de einsprint de Dútser Herman Sinnigen mei in pear sentimeter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)