Van der Bos wint yn Arum

31 jul 2011 - 18:48
  • Foto: Henk Bootsma

It partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger is winner wurden fan de frije formaasje keatspartij yn Arum. Yn de finale wienen se mei 5-4 en 6-6 te sterk foar de formaasje fan Jan Dirk de Groot, Renze Pieter Hiemstra en Pier Piersma. It wie al wer de njoggende oerwinning fan it partoer Van der Bos dit seizoen.

Van der Bos en dy geane ek as grutte favoryt nei de PC fan takom woansdei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)