Van der Bos wint Rengersdei

21 jul 2013 - 17:40

De frijeformaasjepartij yn Ljouwert is snein wûn troch Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger. Yn de finale op de Rengersdei waard mei 5-3 en 6-2 wûn fan Bauke Triemstra, Alle Jan Anema en Hendrik Kootstra. De lytse preemje gong nei Menno van Zwieten, Folkert van der Weij en Hans Wassenaar.

It is de twadde oerwinning dit wykein foar it partoer fan Van der Bos. Sneon wiene se ek de al de bêsten yn Makkum. It trijetal helle oant no ta tsien kear de finale, wêrfan't acht omset waarden yn winst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)