Van der Bos wer kening fan PC

04 aug 2010 - 21:58
  • Foto: Omrop Fryslân

Gert-Anne van der Bos is woansdei ta kening útroppen fan de 157ste PC. Van der Bos krige 9 stimmen. It is foar de twadde kear op rige dat Van der Bos de earetitel op syn namme skriuwe mei.

Van der Bos en syn maten Daniël Iseger en Taeke Triemstra hienen it dreech yn de finale tsjin is partoer fan Pieter van Althuis, Jacob Klaas Haitsma en Gerrit Flisijn. Dat earsteklas-partoer waard de ferrassing en de morele winner fan de dei nettsjinsteande it ferlies mei 5-5 en 6-2.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)