Van der Bos nei heale finale

03 aug 2011 - 15:22

It partoer Gert-Anne van der Bos is troch nei de heale finale fan de PC. Tsjin it earsteklaspartoer fan Pieter Bakker, Sjoerd de Jong en Tjibbe Hansma waard it folle spannender as ferwachte. Bakker en dy kamen mei 3-1 en 4-3 foar. Mar se koenen it net ôfmeitsje. Op 5-4 en 6-4 sloech Bakker de bal bûten en kaam der in ein oan de partij.

Van der Bos en dy treffe no Jan Dirk de Groot, Herman Sprik en Folkert van der Wei yn de heale finale.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)