Van der Bos nei heale finale

04 aug 2010 - 17:11
  • Taeke Triemstra (foto: Omrop Fryslân)

It favorite partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iselger is troch nei de heale finale. Nei in lang opûnthâld fanwege de rein en it wiete fjild makken de manlju fan Gert-Anne van der Bos de partij tsjin Jan Dirk de Groot, Karel Nijman en Pier Piersma út op 5 om 2 en 6-0. Yn de heale finale wachtet partoer Marten van der Leest, Pieter Jan Plat en Peter de Boer.

Yn 'e twadde omloop moatte noch twa partijen ferkeatst wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)