Van der Bos maklik nei finale

03 aug 2011 - 17:04

It favorite partoer fan Gert-Anne van der Bos is hiel maklik de finale fan de PC ynkuiere. Yn de heale finale tsjin it partoer fan Jan Dirk de Groot (ferfanger fan Marten van der Leest) Herman Sprik en Folkert van der Wei waard it 5-0 en 6-2. De Groot en dy wienen noait yn de wedstriid.

Van der Bos en dy spylje yn de finale tsjin de winner fan de partij tusken it ferrassene earsteklaspartoer fan Michiel Scheepvaart en dat fan de oare favoryt Martijn Olijnsma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)