Van der Bos kening yn Menaam

12 aug 2012 - 17:08

De frije formaasje partij yn Menaam is snein wûn troch it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger. Yn de finale wie it trijetal mei 5-4 en 6-4 te sterk foar Jan Dirk de Groot, Renze Pieter Hiemstra en Pier Piersma. De lytse preemje wie foar Jelte Pieter Dijkstra, Erik Haitsma en Peter de Boer.

Van der Bos waard yn Menaam útroppen ta kening en prolongearret dêrmei syn keningstitel fan foarich jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)