Van der Bos, Hoekstra en Kootstra de bêsten yn Ie

11 jul 2015 - 18:14

De haadklasse keatspartij trochinoar lotsjen yn Ie is sneon in proai wurden foar Gert-Anne van der Bos, Allard Hoekstra en Hendrik Kootstra. Yn de finale wie it trijetal mei 5-4 en 6-4 te sterk foar Jelte Pieter Dijkstra, Hylke Bruinsma en Daniël Iseger. De partij einige mei in kwea-opslach fan Jelte Pieter Dijkstra.

De partij yn Ie waard holden fanwege it 110-jierrich jubileum fan keatsferiening De Trochsetters. Hendrik Kootstra waard kening fan de partij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)