Van der Bos, Hiemstra, Iseger winne Broeksterwâld

20 jun 2015 - 17:34

De haadklasse keatspartij trochinoar lotsjen yn Broeksterwâld is sneon wûn troch Gert-Anne van der Bos, Renze Pieter Hiemstra en Daniël Iseger. Yn de finale wienen de manlju Jan Dirk de Groot, Herman Sprik en Pier Piersma de baas mei 5-2 en 6-4. Mei syn twadde boppeslach sloech Hiemstra de partij út.

Renze Pieter Hiemstra waard yn Broeksterwâld ta kening útroppen.

Yn de earste heale finale ferlearen Menno van Zwieten, Hendrik Jan van der Velde en Pieter van der Schoot mei 5-3 en 6-0 fan De Groot en-dy. Yn dy oare heale finale gongen Pieter van Althuis, Laas Pieter van Straten en Sjoerd de Jong mei 5-1 en 6-2 ûnderút tsjin Van der Bos en-dy.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)