Van der Bos en dy winne PC

03 aug 2011 - 18:40
  • It winnende partoer (foto: Omrop Fryslân)
  • De winst is in feit

It favorite partoer fan Gert-Anne van der Bos hat woansdei de 158e PC wûn. Yn de finale fersloegen se hiel maklik mei 5-1 en 6-4 it partoer fan Martijn Olijnsma, Hylke Bruinsma en Marten Feenstra.

It partoer fan Olijnsma kaam der hielendal net oan te pas yn de finale. Dêrfoar spilen se sels te min en wienen foaral de maten fan Van der Bos, Daniël Iseger en Taeke Triemsta, te goed op slach. Foar Van der Bos en Iseger is it de tredde winst op rige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)