Van der Bos en-dy winne PC

30 jul 2014 - 18:13
  • De winners fan de 161e PC
  • It winnende partoer is út de skroeven
  • Taeke Triemstra

Gert-Anne van der Bos, Jacob Wassenaar en Daniël Iseger hawwe de 161e edysje fan de PC mei oermacht op har namme skreaun. Op it Sjûkelân wûn it oppermachtige trijetal yn in iensidige finale mei 5-0 en 6-6 fan Jelte-Pieter Dijkstra, Hendrik Jan van der Velde en Sjoerd de Jong. Mei syn fyfde boppeslach pakte Daniël Iseger de wichtige oerwinning.

De lytse preemjes wienen foar de partoeren fan Martijn Olijnsma, Marten Feenstra en Pier Piersma en foar Tjisse Steenstra, Herman Sprik en Cornelis Terpstra.

Ynfaller Jacob Wassenaar, dy't fan de heale finale ôf it plak ynnaam fan de blessearre Taeke Triemstra, wie tige wichtich yn de finale. Mei mar leafst njoggen boppeslagen spile er in haadrol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)