Van der Bos en dy winne maklik

07 aug 2011 - 17:36

PC-winners Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger hawwe snein mei oermacht de haadklassepartij yn Wytmarsum op harren namme skreaun. Yn de finale wiene se mei 5-0 en 6-4 fierstente te sterk foar it partoer fan Pieter van Althuis, Hyltje Bosma en Hans Wassenaar. Hyltje Bosma ferfong de op de PC blessearre rekke Karel Nijman as foarynse.

It partoer fan Jelte Pieter Dijkstra, Siebe Greidanus en Rudolf Soepboer pakte de lytse preemje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)