Van der Bos en-dy pakke krâns yn Berltsum

28 jun 2015 - 17:03
  • Keatsen telegraaf

It partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger is snein winner wurden fan de frije formaasje haadklasse keatspartij yn Berltsum. Yn de finale wie it trijetal mei 5-2 en 6-2 te sterk foar Menno van Zwieten, Laas Pieter van Straten en Pier Piersma. Mei in boppeslach makke Triemstra dien wurk.

Yn de heale finale wûnen Van der Bos en-dy mei 5-2 en 6-4 fan harren grutste konkurrint Tjisse Steenstra, Herman Sprik en Marten Feenstra.

Foar it partoer fan Van Zwieten wie dit de earste kear dit seizoen dat se by in frije formaasje partij yn de finale stienen. It bliuwt lykwols noch wachtsjen op de earste oerwinning.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)