Van der Bos-en-dy geane troch

29 jul 2009 - 12:55
  • Folkert van der Wei (foto: Dirk Jan Haarsma)

Gert-Anne van der Bos, Folkert van der Wei en Daniël Iseger hiene yn har partij yn 'e earste omloop net al te folle muoite mei Jelte Pieter Dijkstra, Hans Wassenaar en Lennart Adema. Se wûnen mei 5-0 en 6-2.

It favorite partoer fan Gert-Anne van der Bos, ien fan 'e meast súksesfolle partoeren fan dit seizoen, keatste effektyf en makke net al tefolle flaters. Jelte Pieter Dijkstra-en-dy hiene sadwaande net folle yn te bringen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)