Van der Aart praat nije wike fierder oer protestaksje

22 des 2014 - 14:14

De direksje fan transportbedriuw Van der Aart yn Drachten praat nije wike moandei fierder oer in reaksje op de beskuldigings fan it personiel. Sjauffeurs en it fakbûn FNV binne fan miening dat de direksje fan it bedriuw harren finansjeel yn de tange hâldt. Dêrom oerhannigen se de direksje moandei krystpakketten mei stront deryn.

Van der Aart liet sjauffeurs as selsstannich ûndernimmer wurkje, mar wol mei in kontrakt. De rjochter hat dizze konstruksje ferbean.

Neffens guon sjauffeurs en it FNV besiket Van der Aart mei in omwei de dupearre sjauffeurs no finansjeel noch út te klaaien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)