Van den Hende wurdt helpbiskop

10 sep 2006 - 14:53

De paus hat fikaris-generaal Hans van den Hende fan it bisdom Grins-Ljouwert beneamd as helpbiskop yn it bisdom Breda. Van den Hende sil dan letter biskop Muskens opfolgje.

Muskens hie om in helpbiskop frege om him by it bestjoer fan it bisdom by te stean. Van den Hende is 42 jier. Seis jier lyn waard er beneamd as fikaris-generaal yn Grins-Ljouwert. Dat hâldt yn dat er as de rjochterhân fan biskop Eijk tsjinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)