Van den Broek kin bêste pleitsje

20 maaie 2006 - 12:17

Advokate Dieuwke van den Broek hat freed de noardlike pleitwedstriid foar jonge advokaten wûn. De wedstriid wie yn it Gerjochtsthôf yn Ljouwert.

Van den Broek wurket as advokate op It Hearrenfean. Se kaam út tsjin kollega's út Drinte, Grinslân en Oerisel en wie de bêste. Dieuwke van den Broek mei nei dizze oerwinning meidwaan oan de lanlike finale, op 7 july yn Utrecht. De wedstriid is bedoeld foar alle arrondissementen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)