Van den Bosch sil nei Amearika

07 maaie 2003 - 00:00

Tjalling van den Bosch, earder de sterkste man fan Nederlân, giet nei Amearika. De fan oarsprong út Achlum ôfkomstige sporter wurdt krachttrainer by it Amerikaans reedridersbûn. Nije wike begjint er al mei de trainingen yn Salt Lake City.

Van den Bosch sil him net ta wenjen sette yn Amearika om't er hjir ek wurk hat. Hy is de begelieder fan sprintster Marieke Wijsman.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)