Van den Berg tafeltenniskampioen

05 jan 2004 - 00:00

Frans van den Berg(30) út Ljouwert waard it ôfrûne wykein Frysk kampioen tafeltennis. By de kampioenskippen yn Frjentsjer wûn hy de finale fan Henk-Jan Wils mei 3-2. By de froulju waard Leandra Grypma kampioene. Sy wûn de finale fan Ellen Postma mei 2-1.

Sawol by de manlju as by de froulju wie de striid tige spannend. Om út te meitsjen wa't der yn 'e finale spylje mochten moasten de punten yn 'e games sels teld wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)