Van den Berg fiifde op mearkamp

01 okt 2006 - 12:43

Turnster Berber van den Berg fan It Hearrenfean hat it poerbêst dien by it fiiflanne-toernoai yn it Belgyske Bergen. Mei in score fan 55,800 punten wie se de bêste Nederlânske turnster op de mearkamp. Se einige as fiifde yn it individuele klassemint.

De Nederlânske ploech einige yn totaal as twadde. Dat is in knappe prestaasje om't Suzanne Harmes en Lichelle Wong net meidiene. Frankryk waard earste en Dútslân einige op it tredde plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)