Van de Streek rjochtsback by Cambuur

04 des 2015 - 13:57
  • Sander van de Streek

Sander van de Streek spilet snein yn de útwedstriid fan Cambuur tsjin Willem II op de rjochtsback. Neidat oare oplossings net befoelen is foar dizze oplossing keazen. Marvin Peersman is skorst. Syn plak wurdt nei alle gedachten oernaam troch Martijn van der Laan. Martijn Barto is blesseard, lykas keeper Leonard Nienhuis.

Sjoerd Overgoor is noch in fraachteken. Oft hy spilet wurdt sneon nei de training besletten. Ogbeche is wol fit. Hy kin spylje en dat jildt ek foar Furdjel Narsingh. Cambuur giet sneontejûn al rjochting Tilburch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)