Van de Streek foar ien wedstriid skorst

18 sep 2015 - 10:15
  • Sander van de Streek

SC Cambuur-spiler Sander van de Streek wurdt definityf foar ien wedstriid skorst. Cambuur hie berop oantekene tsjin de reade kaart foar de spiler, mar dat hat gjin fertuten dien.

Van de Streek krige de reade kaart foar in handsbal yn it 16-metergebiet. Hjirnei moast Cambuur mei 10 man hast in hele wedstriid tsjin PSV spylje. Dit wie in te grutte útdaging foar de Ljouwerter klup, en se ferlearen mei 6-0. De KNVB wie it mei de klup iens dat de straf te swier wie foar it delikt, en se wolle sjen oft de regels oanpast wurde kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)