Van de Ree leit taken del

07 nov 2013 - 20:59
  • D66

Fraksjefoarsitter Marieke van de Ree fan D66 Fryslân leit om sûnensredenen har taken foarearst del. Van de Ree sil ferfongen wurde troch Mark de Roo, dy't as Steatekommisjelid aktyf wie by de fraksje.

De Roo sil yn de gearkomste fan Provinsjale Steaten fan 27 novimber offisjeel beëdige wurde. De taken as fraksjefoarsitter wurde sa lang waarnommen troch kollega-Steatelid Klaas Hettinga.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)