Van de Ree dochs listlûker D66

21 okt 2010 - 20:11
  • D66 hat nei nije telling in listlûker keazen

Marieke van de Ree is definityf keazen ta listlûker fan D66 by de steateferkiezings takom jier maart. Dit waard begjin oktober troch de partij ek al nei bûten brocht, mar dit wie wat te betiid. By kontrôle fan de stimmen die bliken dat Van de Ree likefolle stimmen krigen hie as Klaas Hettinga. Dêrtroch wie der noch in twadde stimronde nedich.

Dêr krige Marieke van de Ree krekt wat mear stimmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)