Van de Nes fuort by Aris

18 okt 2007 - 13:39

Basketbalclub Aris Friesland en oanfaller Rik van de Nes geane út elkoar. Neffens Aris manager Gert Schurer koe Van de Nes dit seizoen net bringe wat der fan him ferwachte waard, troch syn stúdzje fysioterapy.

De 25-jierrige Van de Nes is dêr yn augustus mei útein set. It kontrakt fan Van de Nes wurdt op 1 desimber ûntbûn. Aris giet op syk nei in ferfanger.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)