Van de Leur nei It Hearrenfean

27 feb 2008 - 10:54
  • Verona van de Leur

Turnster Verona van de Leur sil meitraine op It Hearrenfean. Se traint no noch by De Hazenkamp yn Nijmegen, mar se wol dêr no net bliuwe, omdat har trainer ûntslein is. Gerben Wiersma fan Sportstêd Hearrenfean sil har no begeliede.

Van de Leur kaam ôfrûne snein net yn aksje by EK-kwalifikaasjewedstriid troch it konflikt. It gymnastykbûn sil bemiddelje tusken Van de Leur en har coach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)