Van Dam: ekstra maatregels foar de Waadsee net nedich

03 des 2015 - 21:17

De nije steatssekretaris Martijn van Dam fan natuer fynt it net nedich om ekstra maatregels te nimmen foar de beskerming fan de natuer yn de Waadsee. Dat meldt RTV Noord. Hy seit dat as reaksje op de keamerfragen fan D66. Dy wol dat de garnalefiskerij oan bannen lein wurdt. Van Dam seit dat hy it garnalefiskjen net ferbiede kin.

Fierder wol D66 dat der minder sân by de Waadkust opspuite wurdt. Neffens Van Dam is der mear ûndersyk nedich om te sjen oft dat mooglik is.

Om de natuer better beskermje te kinnen, soe der neffens D66 ien behearder komme moatte yn stee fan ferskate losse ferienings. De steatssekretaris seit pas ein takom jier dêr op reagearje te kinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)