Van Buren: sollisitaasjetrening

05 jun 2003 - 00:00

Hast alle 33 wurknimmers fan de fallite hûdehannel Van Buren yn Ljouwert krije tongersdei kollektyf in sollisitaasjetrening. Dat bart by it fakbûn CNV yn Drachten. De wurknimmers kinne sels fuortendaliks skriuwe op banen dy't al troch it fakbûn sammele binne en der wurde proefpetearen hâlden.

It giet om in proef. Neffens it fakbûn is it wichtich dat it personiel nei it fallissemint noch mei inoar prate en aktiviteiten ûndernimme kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)