Van Boxel werom by SC Cambuur

25 nov 2010 - 14:46

Sportklup Cambuur kin freed yn de thúswedstriid tsjin RBC Roosendaal beskikke oer ferdigener Robert van Boxel. Dy komt werom fan in blessuere en ferfangt de skorste Zdenko Kaprálik. Foaryn wurdt de blessearre Oguzhan Türk ferfongen troch Serhat Koç. De oare njoggen spilers binne deselden dy't ferline wike mei 3-0 fan Einhoven ferlearen.

Henk de Jong sil foar it earst as assistint neist trainer Alfons Arts yn 'e dug-out sitte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)