Van Boxel langer útskeakele

21 sep 2010 - 13:53

De ankelblessuere fan SC Cambuur-spiler Robert van Boxel is slimmer as earst tocht waard. De ferdigener is de kommende wiken noch útskeakele. Van Boxel rûn de blessuere op yn de útwedstriid tsjin Go Ahead Eagles. Hy foel doe al nei fiif minuten út.

Der sit noch altyd focht yn it gewricht en neffens trainer Stanley Menzo is hy noch trije oant fjouwer wiken út de rûlaasje. Sa't it no liket sil Zdenko Kapralik it plak fan Van Boxel de kommende tiid ynnimme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)