Van Booma wol fan ferienings ôf

24 nov 2004 - 12:01

Eigner Van Booma fan rekreaasjepark Schatzenburg by Menaam wol fia it Gerjochtshôf yn Ljouwert besykje fan de erfpacht-oerienkomst mei de sportferienings ôf te kommen. De ferienings meitsje gebrûk fan it park.

De rjochter hie earder al bepaald dat it opsizzen net terjochte wie. Neffens Van Booma stie er folslein yn syn rjocht by it opsizzen fan de oerienkomsten. Hy seit dat er tsjûgen hat dy't dat befestigje kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)