Van Booma sloopt kantine

06 aug 2004 - 15:08

Eigner Van Booma fan rekreaasjepark Schatzenburg yn Menaam is tongersdei betrape op it slopen fan de kantine fan fuotbalferiening Foarút. Der binne platen oan de bûtenkant fan de kantine ôfskuord. Tsjûgen seagen it gebeuren en bellen de plysje. Van Booma sels ûntkent.

Van Booma leit al skoften yn de klinsj mei de sportferienings en de gemeente. Freed tsjinnet it koart pleit tusken Van Booma en de sportferienings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)