Van Beem hâldt op fan keatsen

24 jul 2009 - 10:22

Jan Willem van Beem hâldt nei de PC fan nije wike definityf op mei keatsen. Van Beem (33) soe yn earste ynstânsje takom seizoen wer keatse, mar hat no it beslút naam om dat net te dwaan. Van Beem wrakselt al sûnt de Bûnspartij mei in skouderblessuere.

Hy keatst woansdei syn 13de PC. Dy partij hat hy noch net winne kinnen. Ek de sneinspartij fan Bitgum hat Van Beem noait winne kinnen. Fierder hat hy alle partijen wol in kear op syn namme skreaun.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)