Van Beek twadde op WK

26 feb 2011 - 12:59

Lotte van Beek fan It Hearrenfean stiet nei de earste dei twadde op it wrâldkampioenskip reedriden foar junioaren. Yn it Finske Seinäjoki waard se 8e op de 500 meter en 4e op de 1500 meter. Yn it klassemint stiet se foar Bøkko, mar op grutte efterstân efter favoryt Erbanova út Tsjechië.

Letitia de Jong fan Feanwâlden waard 16e op de 500 meter en 17e op de 1500 meter. Moniek Klijnstra einige op de 500 meter as 23ste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)