Van Basten wint by debút

06 jul 2012 - 23:24
  • Marco

Marco van Basten hat by syn debút as coach fan SC Hearrenfean mei 8-0 wûn fan in regioseleksje fan Gaasterlân/Sleat. By it skoft stie it 4-0 troch doelpunten fan Rajiv van La Parra, Filip Djuricic, Matthew Amoah en Arsenio Valpoort.

Yn de twadde helte stjoerde Van Basten in folslein oar alvetal it fjild yn. De doelpunten kamen yn it twadde bedriuw op namme fan Hakim Ziyech (2X), Samir Fazli en Luciano Slagveer. Sawol Luciano Narsingh as Oussama Assaidi wienen ôfwêzich.

Marco van Basten krige nei ôfrin te hearren dat Louis van Gaal de nije bûnscoach is. Van Basten wie ferrast troch de kar fan it fuotbalbûn. "Ik ben wel verrast, maar op zich vind ik Van Gaal een goeie keuze. Hij is een ervaren coach", sa seit Van Basten yn in reaksje. Van Basten wie sels ek bûnscoach fan 2004 oant 2008.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)