Van Basten traint besletten

19 okt 2012 - 10:38

Marco van Basten wol gjin publyk by de training fan freedtemoarn. De trainer fan SC Hearrenfean wol him op it sportpark fan De Knipe yn alle rêst tariede op de noardlike twastriid tsjin FC Grins.

It is noch ûnwis oft Jeffrey Gouweleeuw tsjin Grins meidwaan kin. De ferdigener hat jong Oranje ôfsein fanwege in hamstringblessuere, mar hopet op 'e tiid fit te wêzen foar Grins. Arnold Kruiswijk is skorst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)