Van Basten sprekt soargen út

02 aug 2013 - 15:00

Hearrenfeantrainer Marco van Basten sprekt syn soargen út oer de situaasje by Sportklup Hearrenfean. Neffens Van Basten soe Hearrenfean der better oan dwaan Hansma oan te hâlden. Tongersdei hat Van Basten in petear hân mei ynterim-direkteur Gaston Sporre.

It perspektyf sjocht der neffens Van Basten net fleurich út: "Ik heb te horen gekregen dat we alleen nog maar gehuurde -of transfervrije spelers aan kunnen trekken. Ik maak me daar wel zorgen over. Het is een neergaande spiraal op deze manier."

De seleksje fan Hearrenfean trainde freed besletten en Van Basten woe de opstelling net jaan. Wis is wol dat Luciano Slagveer syn debút meitsje sil yn de basis en dat Joey van den Berg skorst is. Van Anholt en Kums binne wer fit genôch om mei te dwaan.

Mooglike opstelling: Nordfeldt, Van Anholt, Kruiswijk, Otigba, Dijks, Eikrem, De Roon, Ziyech, Slagveer, Finnbogason en Wildschut.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)