Van Basten hat der sin oan

14 des 2012 - 16:35

Hearrenfean-trainer Marco van Basten hat in soad sin oan de kommende wike. Yn dy wike spilet Hearrenfean tsjin FC Utrecht en Vitesse en tuskentroch foar de beker tsjin Feyenoord. "Utrecht is een mooie uitdaging, Feyenoord krijg ik het wel warm van en Vitesse inspireert me."

Van Basten feroaret foar kommende snein tsjin Utrecht neat oan de opstelling. Jeffrey Gouweleeuw is noch altyd skorst, wêrtroch't Chris Kum sintraal yn de ferdigening begjint en Kruiswijk linksback spilet.

It is noch ûnwis oft Gianni Zuiverloon plaknimme kin op de bank. Zuiverloon hat lêst fan de boppeskonk.
Opstelling: Nordfeldt, Van Anholt, Kum, Zomer, Kruiswijk, Kums, De Roon, Marecek, Van La Parra, Finnbogason en Djuricic.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)