Van Basten feroaret neat

16 aug 2013 - 16:10

Hearrenfeancoach Marco van Basten sjocht gjin reden om wat te feroarjen oan de opstelling. Van Basten sil snein foar de wedstriid tsjin Heracles dan ek mei deselde alve spylje as ferline wike tsjin NAC Breda. Mitchell Dijks is nei syn reade kaart noch ien wedstriid skorst en syn plak wurdt wer yn naam troch Christian Kum.

Ramon Zomer is wol werom fan in blessuere en begjint op de bank. Raitala en Pappa traine wer folslein mei, mar sitte tsjin Heracles noch net op de bank.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)