Van Basten: 'Djuricic bliuwt'

31 jan 2013 - 15:51

Marco van Basten hâldt gjin rekken mei in fuortgean fan sawol Filip Djuricic as Jeffrey Gouweleeuw yn de winterstop. Op 'e lêste dei fan de transferperioade ferhúzje noch in soad spilers nei in oare klup.

Foar Djuricic soe der ynteresse wêze fanút Dútslân en ek Ajax hat him offisjeel melden by Hearrenfean. "Ik houd geen rekening met hun vertrek en ik verwacht ook niet dat het gebeurt. Dat zou mij echt verbazen", sa seit Van Basten. De transfermerk slút tongersdeitenacht om 24.00 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)