Van Akkeren haad Wetterskip

15 feb 2008 - 14:07
  • Micha van Akkeren

Micha van Akkeren wurdt wierskynlik de nije sekretaris-direkteur fan it Wetterskip Fryslân. De 35-jierrige Van Akkeren wie oant foar koart direkteur fan in wenninkorporaasje yn Zwolle.

Doel is dat it Algemien Bestjoer fan it wetterskip nije wike ynstimt mei de beneaming fan Van Akkeren. Hy begjint dan op 1 april yn syn nije funksje. Hy folget dan Marc Koster op dy't sûnt oktober 2006 ynterim sekretaris- direkteur wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)