Van Aken en Van Anholt twivelgefal foar derby

13 feb 2015 - 15:13
  • Pele van Anholt en Furdjel Narsingh stride om de bal

Hearrenfeanspilers Joost van Aken en Pele van Anholt binne beide licht blessearre foar de wedstriid tsjin Cambuur. It is noch ûnwis oft beide spilers meidwaan kinne. Sneon, mei de lêste training, sille beide spilers in lêste test ûndergean. Van Aken hat lêst fan syn hakke, Van Anholt foel ferline wike yn de wedstriid tsjin PEC Zwolle yn de rêst út mei in blessuere oan 'e boppeskonk.

Fierder is de seleksje hielendal fit. De ferwachting is dat beide spilers wol meidwaan kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)